Jongerewurker tsjin oerlêst

Jongerewurker moat oerlêst tsjingean
Der sil in ekstra jongerewurker oan it wurk yn Suderbuorren. Yn de Ljouwerter wyk is in soad oerlêst en wurdt in protte fernield. De jongerewurker wurdt as buertrelaasjewurker ynset. Syn taak is om de fandalen op te spoaren en mei har âlden te praten. Sa hoecht de plysje der faak net oan te pas te kommen.
Yn 2007 is dizze metoade mei súkses tapast yn de wyk Aldlân yn Ljouwert. Troch de buertwurker is de oerlêst der minder wurden.