Gjin middenberm yn Wolvegea

De Steenwijkerweg yn Wolvegea no
De Heerenveensweg en de Steenwijkerweg yn Wolvegea krije gjin middenberm mei beammen. De gemeente aksepteart dêrmei de kar fan de bewenners.
De bewenners woene de dyk sa fier mooglik by har hûs wei hawwe. Ek wiene guon benaud dat de snelheid fan de auto's omheech gean soe. De gemeente leit no gewoan ien brede dyk oan. De paralleldiken ferdwine en dêrfoar yn it plak komme parkearhavens en beammen. It giet hjirby om it trajekt fan de âlde rykswei.