Profyt Friesland Bank fan DSB

De Friesland Bank krijt klanten fan de DSB
De Friesland Bank profitearret fan it omfallen fan de DSB. Sa krijt de Friesland Bank, lykas oare banken, in soad nije klanten dy't gau in rekken iepenje wolle. Dy klanten krije dêrby foarrang, sa hawwe alle banken ûnderling ôfpraat.
In foardiel foar de Friesland Bank is dat er in festiging yn Alkmaar hat, net fier fan Wognum, dêr't de DSB syn haadkantoor hat.