Diskusje oer wetterpeil

13 okt 2009 - 14:25

De provinsje mei it hjoeddeistige wetterpeil yn lânbougebieten net feroarje yn it Wetterhúshâldingsplan. Dat is de ynset woansdei fan Lân en Túnbouorganisaasje Noard by de harksit oer it wetterplan.

Mochten der hegere wetterpeilen nedich wêze yn natuergebieten, dan kin dat, mar yn de buert fan lânbougrûn moat it peil gelyk bliuwe. Spesjale buffersônes soene de gebieten útelkoar helje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)