SPiL-projekt oan de slach

13 okt 2009 - 13:58

It startersprojekt SPiL foar Ljouwerter studinten hat moandei wier foarm krigen. De earste trije studinte-ûndernimmers krigen de kaai fan it nije kantoar. De trije brûke it kantoar foar in staazjeopdracht om har eigen bedriuw op te setten.

De studinten wurkje yn it sammelgebou oan de Emmakade. Dêr sitte noch mear startende bedriuwen. Sa wolle de gemeente en Business Development Friesland jonge ûndernimmers de kâns jaan om in bedriuw op te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)