Oanjefte tsjin kokkelfiskers

Kokkelfiskjen yn Nasjonaal Park Skier ferbean
Natuurmonumenten is min te sprekken oer it beslút fan kokkelfiskers om wer kokkels te fangen yn Nasjonaal park Skiermûntseach. Moandei binne acht fiskers út ein set mei it binnenheljen fan 280.000 kilo kokkels. De provinsje hat dêr ferline wike in fergunning foar ôfjûn wylst de natuerorganisaasje dêr bot op tsjin is.
In soad fûgels binne ôfhinklik fan de kokkels. Men is benaud dat de strânljip út it gebiet ferdwine sil. Natuurmonumenten hat oanjefte dien.