Wenningbrân yn Rottum

© Omrop Fryslân
De brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean en De Jouwer binne moandeitemoarn útrukt nei in wenningbrân oan de Wjukslach yn Rottum. De brânwacht krige in melding dat der reek ûnder de pannen fan in wente weikaam. It giet om in twa-ûnder-ien-kap wente.
Doe't de brânwacht oankaam die bliken dat der in soad reek yn de beide wenten stiet. Op dit stuit is it noch net dúdlik wêr't de reek weikomt. Safier as no bekend is, binne der gjin minsken yn de wenten.