Ferwûne by botsing yn Ljouwert

13 okt 2009 - 10:16

In automobiliste út Ljouwert is moandei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. De frou ried mei har auto oer de Maagdenpalm en hie te let yn 'e gaten dat de auto foar har ôfremme om ôf te slaan. In botsing wie it gefolch dêr't de frou út Ljouwert by ferwûne rekke.

Om watfoar ferwûnings it giet, is net bekend. De frou is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)