Flylanner ferwûne nei de wâl

13 okt 2009 - 10:04

In 53-jierrige ynwenner fan Flylân is moandei mei de rêdingsboat nei de fêste wâl brocht, neidat er op it eilân ferwûne rekke wie. De man glied fan in dún en rûn dêrby in pynlik ankel op.

Nei in besite oan de húsarts waard besletten de man oer te bringen nei Harns. Dêr is er opnaam yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)