Soad ferset Ljouwert-West

In asfaltsintrale of hege wynturbines oan de west- en súdkant fan Ljouwert kinne rekkenje op in soad ferset fan ynwenners fan Marsum, Deinum, Boksum en Ritsumasyl. Dat die moandei bliken op in ynsprekjûn. Sawat 100 minsken kamen dêr op ôf. Oan de westkant fan Ljouwert wurdt de wei De Heak oanlein.
Provinsje en gemeenten wolle it gebiet om dy nije wei hinne ynrjochtsje mei miljeufreonlike hûzen en bedriuwen. Ien plan is in asfaltsintrale op biogas, mar yn de doarpen is ferset.