Arsjitekten stride om ûntwerp

© Omrop Fryslân
Der binne noch 19 ûntwerpers yn de race om it nije duorsumheidssintrum op de Ofslútdyk te ûntwerpen. It sintrum moat in besikersfunskje krije, mar ek plak biede oan jonge wittenskippers om te wurkjen oan enerzjyfraachstikken.
De nominearden binne arsjitekten en ûntwerpers út Londen, Paris, Meksiko en Amearika. Der dogge ek noch alve Nederlânske ynstjoerings mei. Op 27 novimber wurde de winners bekend makke.