Wettertaksytsjinst oer Waad

12 okt 2009 - 20:23

Rederij Wagenborg begjint yn april mei in wettertaksytsjinst nei It Amelân en Skiermûntseach. Toeristen, sakelju en bewenners dy't nei de eilannen wolle, hoege dan net langer op de fearboat te wachtsjen. Mei de wettertaksy kinne op syn meast tolve minsken tagelyk oersetten wurde.

De prizen foar de oertocht lizze tusken de 100 en 300 euro. Wagenborg hat foar de nije tsjinst trije nije taksys besteld. Dy wurde boud by Jachtwerf Dijkstra yn Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)