Bocuse d'Or nei Harns

Marco Poldervaart krijt de ûnderskieding
Sjefkok Marco Poldervaart fan Harns hat yn Tilburch de prestisjeuze Bocuse d'Or wûn. Poldervaart is eigner fan it Harnzer restaurant De Gastronoom.
Oan de itensiederswedstryd diene fiif koks mei. Se moasten seis gerjochten meitsje mei yngrediïnten dy't troch de sjuery oanlevere waarden. Poldervaart mei no meidwaan oan de Europeeske finale fan de Bocuse d'Or dy't yn jannewaris yn Genève hâlden wurdt. De sjuery fûn dat it wurk fan Poldervaart de measte kwaliteit hie.