Legyon makket legionellachip

© Omrop Fryslân
Minister Cramer fan VROM lit ûndersyk dwaan nei de mooglikheden fan 'e legionellachip. Dy chip is ûntwikkele yn it laboratoarium fan it Ljouwerter bedriuw Legyon. Dêrmei kin yn fjouwer oeren tiid fêststeld wurde oft der legionella yn it wetter sit en hoe gefaarlik oft it is.
Wannear't it ûndersyk fan 'e minister posityf útfalt, dan wol Cramer de legionellachip opnimme yn it Drinkwaterbesluit. Dat bart dan begjin 2010.