Gaslek yn Easterwâlde ticht

12 okt 2009 - 13:54

Yn Easterwâlde binne moandei in winkel fan Lidl en sechstjin wenten oan 'e Trambaan in skoft ûntromme. By de winkel wie in gaslek. Bewenners fan de wenningen boppe de winkel binne út har hûs helle en opfongen yn De Compaan. De gaskraan is tichtdraaid. In monteur fan Enexis hat it lek tichtmakke.

It lek wie ûntstien troch wurksumheden. It maleur hat in pear oeren duorre. Tsjin trijen mochten de bewenners werom nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)