Fryske krityk op Jongerius

It foarnimmen fan Jongerius om mei de PVV te praten makket in soad los...
Fryske leden fan fakbûn FNV ha ek grutte muoite mei it plan fan foarsitter Jongerius om mei de PVV te praten oer de ferheging fan de AOW-leeftyd. Yn de Volkskrant fan ôfrûne sneon oppere Jongerius gearwurking mei de partij fan Geert Wilders.
De achterban fan de FNV hat grutte krityk op dit foarnimmen fan Jongerius. Guon wolle sels it lidmaatskip opsizze. Dat jildt ek foar de Fryske âld-FNV-bestjoerder Wietze de Haan fan De Lemmer.