Yndoar-hockey op It Fean
Yndoar-hockeyklup Titans begjint moandeitejûn mei syn trainingen. De klup is bedoeld foar minsken dy't gewoanwei bûtendoar hockeye. Yn de moannen desimber, jannewaris en febrewaris leit dat hockeyen fanwege de winterstop stil.
De yndoar-hockeyklup docht krekt yn dizze wintermoannen mei oan de kompetysje. De club hat It Hearrenfean as thúsbasis.