Postma markante hoarekaman

© Omrop Fryslân
Wim Postma fan it Stasjonskofjehûs yn Molkwar is nominearre as 'meast markante hoareka-ûndernimmer fan it jier'. Dat is in ferkiezing fan Koninklijke Horeca Nederland.
De ûndernimmer is nominearre omdat er ynnovatyf is, in opfallende bedriuwsbenadering hat en in foarbyld is foar oare hoareka-ûndernimmers. Op 3 novimber fynt de ferkiezing plak. Oant 26 oktober kin der stimd wurde.