'Gjin nijbou op Laad & Zaad'

12 okt 2009 - 09:16

De PvdA fan Boalsert sjocht ôf fan wenningbou op Laad & Zaad. Yn 2001 waard mei in mearderheid yn de ried besletten te bouwen op it terrein. Dat beslút is neffens de fraksjefoarsitter Tonny de Vries no achterhelle.

Troch de hjoeddeistige krisistiid en de nij te foarmen gemeente hat de wenningbou gjin urginsje mear. Ek omdat Rykswettersteat sein hat dat der gjin twadde ûntsluting komt foar de wyk. Dy is wol needsaaklik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)