Nij skip yn gebrûk by Unisea

Nautysk-technysk direkteur Gerald Jager foar it nije skip
Troch in tal wat fierdere bestimmings te kiezen, yn Afrika en Súd-Amearika, kin rederij Unisea Shipping fan Snits ek yn dizze ekonomysk drege tiid de holle boppe wetter hâlde.
Alle skippen farre no en dat kin net elkenien sizze want de konkurrinsje is hiel grut. In soad jild wurdt no dus ek net fertsjinne. Sneontemiddei is it nijste skip offisjeel yn gebrûk nommen: de Beautriton. It skip kin hast 7000 ton lading ferfiere.