Himpkwekerij oprôle yn Harns

11 okt 2009 - 16:00

Yn in gebou oan de Galvanistrjitte yn Harns hat de plysje sneontemiddei in himpkwekerij opromme. Der stiene 150 planten. De plysje hat in 43-jierrige man út Harns oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

De planten en de kwekerij binne ferneatige. De plysje kaam yn aksje nei oanlieding fan in tip.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)