Man hat fleismes by him

11 okt 2009 - 15:42

In ynwenner (27) fan It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein oanholden op fertinking fan baldiedigens. Plysjes seagen dat de man op it Breedpaad mei in mes yn 'e hân stie. De Feanster waard frege om it mes yn te leverjen.

Hy sei dat it allegear in grapke wie en dat er mei syn freonen oan it gekjeien wie. De plysjes woene dat er dochs noch it mes joech. Dit wegere er, wêrnei't de man oanholden waard foar baldiedigens en ferbean wapenbesit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)