Autorút ynslein Beetstersweach

11 okt 2009 - 15:40

De plysje ûndersiket in fernieling yn de nacht fan freed op sneon yn Beetstersweach. In man melde by de plysje dat syn autorút mei in stien fernield wie, mooglik troch in groep jongeren.

De auto stie parkeard op de Bommegearde. De gearstalling fan de groep is trochjûn oan de plysje. De plysje hat in groepke fan 5 jongeren noch oantroffen op de Bommegearde. Alle leden binne oanholden troch de plysje. Se binne ynsletten op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)