Frysk sukses by NK sloeproeie

De Orkaan by de HT-race op de Waadsee
De sloeproeiers fan roeiploech Orkaan binne sneon yn Amsterdam Nederlânsk kampioen wurden. Troch mei de sloep Orkaan te winnen waard de ploech út Harns kampioen.
Mei it lytst mooglike ferskil fan ien sekonde waard roeiploech Twirre út Makkum twadde. It Frysk sukses waard kompleet makke troch Skylge dy't mei sloep Arad tredde waard.