Feiling foto's 'Wad Naakt'

11 okt 2009 - 14:17

In seleksje fan de doeken fan de iepenloft fototentoanstelling 'Wad Naakt' wurdt feild foar Libre Expresion. Oer de grutte bylden fan neakene froulju ôfrûne simmer op de seedyk tusken Moddergat en Nieuw Onrust yn Grinslân hat nochal wat reboelje west.

Fiif fan dizze doeken fan Mijke Bos wurde feild fia de ynternetside www.wadnaakt.nl. De organisaasje Libre Expresion wol achterstânsbern yn Honduras in better libben jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)