Stiltemomint yn Moddergat

11 okt 2009 - 14:03

By it wyklikse stiltemomint op sneintemiddei yn Peazens-Moddergat binne de kommende moanne ferskate soarten muzyk en poëzij te hearren. Dit wykein spilet de organist Paul Moortgat út Luik yn België op it Gilmann-oargel út 1758.

De oargelwurken wurde ôfwiksele mei gedichten fan John van Beek út Assen, ûnder oare oer Peazens-Moddergat en de Waadsee. Takom wike snein wurde gedichten foardroegen troch Carianne Schellevis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)