F16's droppe bommen op Flylân

F16's oefenje de kommende dagen mei it droppen fan bommen op Flylân
Nederlânske en Belgyske F16's oefenje de kommende dagen it droppen fan eksplosive bommen op Flylân. Yn totaal litte de fleantugen 24 500-ponders falle op oefenterrein Flyhors Range op it eilân. De oefening begjint moandei en duorret oant en mei tongersdei.
It publyk kin net op it oefenterrein komme salang't de oefening duorret. Der steane warskôgingsbuorden lâns de râne fan it terrein en der wurde reade flaggen delset.