Earste oerwinning Aris

© Omrop Fryslân
De Friesland Aris hat de earste oerwinning fan it seizoen binnen. Yn sporthal It Kealledykje waard yn in minne wedstriid mei 76-68 wûn fan Zwolle. De wedstriid woe mar net op gong komme. Nei it earste kwart stie it 14-12 foar Zwolle, healwei de wedstriid 30-25 foar Aris. Yn it tredde kwart kaam Zwolle wer foarby: 49-48. It lêste kwart brocht de Ljouwerter basketballers de winst: 28-19 mei 76-68 as einstân.
Jayme Miller wie mei 15 punten it tûkst.