Jorrit Bergsma wint Alkmaar

Jorrit Bergsma
Jorrit Bergsma hat yn Alkmaar de earste maraton om de DSB Cup wûn. Bergsma naam mei Bob de Vries fan De Haule en Ingmar Berga fan Hoogeveen in rûntsje foarsprong op it peloton. Yn de finale ried de 23-jierrige ynwenner fan Aldeboarn by de oare twa wei en kaam solo oer de einstreek. Berga waard twadde, Bob de Vries tredde.
Elma de Vries, suster fan Bob, wûn by de froulju. Yn de massasprint fersloech se Carla Zielman en Mireille Reitsma.