Spul oer 'spoekhûs' De Tynje

Op 'e Tynje is spul oer in hûs dat al 17 jier leech stiet en ferkrottet. Elias van der Werf út Akkrum hat it kocht en wol it slope om dêrfoar yn't plak in oarspronklik turfmakkershúske te bouwen. Hy wol dêr wenje.
De gemeente is lykwols benaud foar presedintwurking en wol de bestimming net feroarje. De saak sit muorrefêst. Van der Werf hâldt it hûs op oarder, mar mear ek net. As de gemeente de bestimming feroaret, soe it perseel folle mear wurdich wurde.