Doarpshûs Langsweagen iepene

© Omrop Fryslân
De toanielferiening fan Langsweagen kin wer fergaderje en rippetearje yn eigen doarp. Nei tsien jier fan plannen meitsjen en praten is ôfrûne sneon it nije doarpshûs iepene.
It leit tsjin de sporthal oan en dêrom wurdt der gearwurke mei de sportferienings. Langsweagen wie it iennichste doarp fan Opsterlân dat noch gjin doarpshûs hie en om't der sûnt 2002 al net mear in kafee yn it doarp is, hat de gemeente it projekt mei 450.000 euro subsidiearre.