Oerlis oanpak rôffûgels

It miljeuteam fan de plysje Fryslân driget op te hâlden mei it aktyf opspoaren fan dieders fan rôffûgelferfolging. Dit as reaksje op de mooglike legalisearring fan it ôfsjitten fan rôffûgels.
Greidefûgelbeskermers soene dêr bot op oan trune by de provinsje. Neffens deputearre Konst kin der gjin sprake wêze fan it ôfsjitten fan rôffûgels. De provinsje is wol yn oerlis mei natuerorganisaasjes, de fûgelwacht en jagers oer de oanpak fan rôffûgels.