Avanti wint fan KW

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti hawwe freed yn Veldhoven mei 6-5 wûn fan KW. It wie net de bêste wedstriid fan Avanti dit seizoen. Mei it skoft stie de ploech út Stiens mei 5-4 efter.
Samad Faraouni sette de lykmakker op it skoareboerd. Yn de lêste sekonde fan de wedstriid skoarde Majid Allaui de winnende treffer. Avanti stiet no op it twadde plak mei njoggen punten út fjouwer wedstriiden