Fjochterij yn Dokkum

10 okt 2009 - 12:38

De plysje yn Dokkum krige freedtejûn in melding fan fjochterij tusken twa groepen jongeren by swimbad Het Tolhuispark. In 18-jierrige man wie belutsen by de fjochtpartij en hie mooglik oare minsken bedrige.

De fertochte is oanholden en nei it plysjeburo brocht. Nei ferhoar mocht de man it buro wer ferlitte. Syn bûsmes waard wol yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)