Lintsje foar brânwachtman

10 okt 2009 - 12:28

Brânwachtman Kor Annema út Droegeham hat freedtejûn mei in lintsje ôfskie naam fan it korps yn syn wenplak. Annema waard beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau.

De fersiersels waarden opspjelde troch boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen. Annema hat 25 jier by de frijwillige brânwacht west.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)