Schepers mei nei WK Nigearia

10 okt 2009 - 11:16

SC_Cambuur-talint Bob_Schepers sit by de definitive seleksje foar it WK foar spilers oant 17 jier. Dat WK wurdt hâlden yn Nigearia en begjint op 24 oktober. De finale is op 15 novimber. It Nederlânsk alvetal moat it yn de poulefaze fan it WK opnimme tsjin Kolombia, Gambia en Iran.

Schepers makket dit seizoen diel út fan de earste seleksje fan Cambuur, mar spilet meastentiids by de A-junioaren. Hy makke oant no ta twa ynfalbeurten by it earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)