TBC yn Appelskea
De GGD hat by in frou út Appelskea in besmetlike foarm fan tbc fûn. It giet om in bewenster fan it asylsikerssintrum yn it doarp. De frou wurdt yntusken behannele foar de sykte.
Nije wike wurdt ûndersocht oft minsken yn de direkte omjouwing fan de frou de sykte ek hawwe. Dy minsken krije dêrfoar in útnoeging.