Twadde termyn foar Arno Brok
Arno Brok is beneamd foar in twadde amtstermyn as boargemaster fan Snits. De nije termyn giet yn op 1 desimber. Alhoewol't de beneaming no ek wer foar seis jier jildt, sil Brok dy termyn as boargemaster fan Snits net folmeitsje.
As Snits op 1 jannewaris 2011 opgiet yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân, wurde alle boargemasters fan de fúzjegemeenten út har amt ûntheft. Dêrnei start in proseduere om in boargemaster foar de nije gemeente te beneamen.