Award foar soarchbuorkerij

09 okt 2009 - 13:37

Soarchbuorkerij Westersypen yn Skarsterbrêge hat de V&VN Soarch Award wûn. Dy wurdt alle jierren útrikt oan in soarchynstelling mei it bêste fernijende idee yn de soarch.

Westersypen bestiet sûnt ein 2007 en is opset troch de famylje Agricola. Yn de soarchbuorkerij wenje minsken mei demintens of Alzheimer dy't net mear foar harsels soargje kinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)