Walfisk Amelân ûntleed

De bultrêch dy't by It Amelân fûn is, wie yn minne kondysje. Dat die freed bliken by it útinoar heljen fan it bist. De bultrêch wie meager en hie parasiten yn syn terms. Om wat foar parasiten it giet wurdt noch ûndersocht troch Naturalis yn Leiden.
Meiwurkers fan dat museum hawwe freed fan moarns tsien oere oant middeis healwei trijen dwaande west. It fleis en spek fan it bist binne ôffierd nei in destruksjebedriuw, alle oare saken gean mei nei Naturalis.