Fryske plattelân rint leech

09 okt 2009 - 12:31

It Fryske plattelân rint leech. Nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek befestigje dat besteande byld. Jongeren beslute hieltyd faker om nei in stúdzje yn Ljouwert of Grins net mear werom te ferhúzjen nei it eigen doarp. En dat jout op termyn grutte problemen op it plattelân.

De provinsje ynvestearret flink yn it foarkommen fan de leechrin, mar in konkreet plan dêrfoar is der net. Dêr wurdt op dit stuit hurd oer neitocht op it provinsjehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)