Topstikken by Kunst en kitsch

09 okt 2009 - 12:05

De opnamen fan it AVRO-programma Tussen kunst en kitsch, ôfrûne moandei yn it museum Belvédère by Oranjewâld, hat 13 bysûndere dingen opsmiten.

Topstikken binne twa skilderijen út de 18e ieu fan de tunen by Heremastate op De Jouwer, in 18e ieusk skilderij fan de ferneamde skilder Adriaan de Lelie en in houten sliepsteun út 1880 út Yndonesië. Der sitte neffens in wurdfierder saken fan 'aanzienlijke waarde' by. De sliepsteun allinnich al hat in wearde fan 20.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)