Brân Bradagebou oanstutsen

© Omrop Fryslân
De brân by de eardere slachterij fan Brada oan de Snekertrekwei yn Ljouwert moandeitejûn is oanstutsen. Dat docht bliken út ûndersyk troch de technyske resjerzje. Dy hat de brânkearn fûn yn it gebou dat yn flammen opgien is.
It is by de plysje bekend dat der wol ris minsken yn it gebou oernachten. Der binne ek lege bierblikken fûn. De skea wurdt rûsd op inkele tsientûzenen euro's