Twa buskes útbaarnd

09 okt 2009 - 11:11

Fan in bedriuw oan de Wetterkant op 'e Gordyk binne ôfrûne nacht twa buskes folslein útbaarnd. Dy stiene foar de saak parkeard. Troch de hjitte binne ek noch trije ruten fan it bedriuwsgebou knapt. Op de doar fan it bedriuw wie in skelwurd spuite.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. Brânstifting wurdt net útsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)