Frou swier ferwûne by berôving

© Omrop Fryslân
In 56-jierrige frou is tongersdei yn Ljouwert swier ferwûne rekke doe't in man besocht har tas te stellen. De frou fytste oer de Emmakade, doe't de man har tas beetpakte. De frou wist har tas fêst te hâlden, mar foel hurd op de grûn. Se hat har earm brutsen en rekke ferwûne oan de holle.
De frou is opnaam yn it sikehûs en moat operearre wurde. De plysje sette daliks in Burgernetaksje op, mar dat smiet neat op, nettsjinsteande de ynset fan 1200 minsken.