Hennepplanten yn Easterwâlde

09 okt 2009 - 10:34

De plysje hat tongersdei op twa adressen yn Easterwâlde in lytse twahûndert himpplanten oantroffen. Yn de tún fan in wenning oan de Weperpolder fûn de plysje 66 himpplanten, yn in tún oan de Butjeskamp gie it om alve. Dêr waard yn in skuorre ek noch in himpkwekerij mei goed 120 planten fûn.

Op 'e solder fan de wenning lei ek nochris twa kilo droege himp. De apparatuer, de planten en de himp binne yn beslach nommen en ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)