Ketelbrêge freed oere iepen

De Ketelbrêge tusken de Noardeastpolder en de Flevopolder
De Ketelbrêge yn de A6 by Emmeloord giet freed om 11.00 oere in oere omheech. De brêge is sûnt moandei fergrindele nei't er snein spontaan iepengie. Trije auto's botsten doe tsjin de brêge. Troch de brêge no ien kear te iepenjen, wol Rykswettersteat wachtsjende skippen gelegenheid jaan om troch de brêge te farren.
Automobilisten wurde mei saneamde tekstkarren op'e hichte brocht. As it opûnthâld te lang duorret, wurdt it ferkear omlaat fia de A28.