Twadde ferlies Aris

Gasterra Flames út Grins wie te sterk
De basketballers fan De Friesland Aris ha ek de twadde kompetysjewedstriid ferlern. Yn sporthal It Kealledykje wie Gasterra Flames fan Grins mei 76-66 te sterk. Aris ferlear de wedstriid yn it tredde kwart. Healwei hie Aris noch in foarsprong fan twa punten: 38-36. Yn it tredde kwart makke Grins it ferskil: 11-20. Ek it fjirde kwart wie foar de Grinzers: 17-20.
Tristan Blackwood wie mei 17 punten de bêste Arisskutter. Ald Arisspiler Matt Bauscher makke foar Grins 16.