Amelân keart auto's mei súkses

© Omrop Fryslân
It kearen fan auto's út it sintrum fan Nes op It Amelân is posityf ûntfongen troch de eilanners. Op in drokke byienkomst evaluearde de gemeente mei boargers it nije beleid fan de lêste moannen. De bewenners fine it feiliger en soene de auto-frije-sône it leafst útwreidzje.
Der kinne ek saken better. Sa moatte der mear parkearplakken komme foar minsken mei in beheining, der moatte ekstra fytsparkearplakken komme en ek it útstappen by de bus moat feiliger.