Evakuaasje Oranjestins Burgum

08 okt 2009 - 20:03

Yn it wensoarchkompleks Oranjestins yn Burgum hat tongersdeitejûn in koarte fûle brân west. Op de earste ferdjipping bruts om sân oere brân út. In foarbygonger seach de brân en warskôge de brânwacht. Dy koe it fjoer rap ûnder kontrôle krije.

Troch de reek- en wetterskea moasten 37 bewenners evakuearre wurde. Tsien moatte in oar plak fine om te sliepen. Op de leechste etaazje wenje âlderen fan Berchhiem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)